Kaatsen.nl

André Braaksma hommels ferstoarn
Door admin - datum: 2017-02-15 07:10:46





Woansdei 15 febrewaris kaam der hommels in ein oan it libben fan André Braaksma. André yn it deistich libben wurksum by it CJIB yn Ljouwert waard yn de nacht fan fan tiisdei op woansdei troffen troch in swiere hertoanfal. (Foto: Jan Braaksma jr.)

De PC: hichtepunt foar heit en soan!

Dizze klap is hy net mear te boppe kommen. André, soan fan myn broer Siep Braaksma dy’t yn 2013 ferstoar, wie krekt as syn heit en omke gek fan it keatsen. Hy wie ek ien fan de earste skriuwers fan de doe tiidse WIS-YN. Dêrnjonken wie hy foaral foar it Frysk Deiblêd foar it keatsen op paad.

Mei syn heit en omke hat hy ek jierren stjoer jûn oan it boekje Alles oan de hang op ‘e PC. Njonken it keatsen lei syn hert by de tennissport weryn hy ek furoare makke hat. Krekt as syn heit koe hy him ek aardich rêde op it griene lekken fan de Friesche Club.

It wie in op en top sportleafhawwer. André mocht mar 53 jier âld wurde. Hy lit in frou en trije jonge bern nei.



Dit nieuws werd verzorgd door Acquisitie- en advertentiebureau Boppeslach
http://www.kaatsen.nl

De URL voor dit artikel is:
http://www.kaatsen.nl/article.php?sid=13028