Kaatsen.nl

Jan van der Meer 1946-2018
Door admin - datum: 2018-02-19 18:27:15





Sneon 17 febrewaris kaam der in ein oan it libben fan Jan van der Meer fan Winsum. Jan van der Meer wie de heit fan Thomas van der Meer dyt yn de jierren 90 furoare makke op de Fryske keatsfjilden. (Foto: Klaas Koopmans).

Jan wie net allinne de heit fan mar hy wie boppedat osa besibe mei it keatsen. Njonken it reedriden wie dat syn grutte leafde. Jan waard berne yn Berltsum no 71 jier lyn en groeide op yn Deinum. Hy keatste wol mar wie net in tblinker. Ien kear stie hy foar Deinum op e list foar de Freule partij mar sat hy sels ea sei: Ik tink as balkearder.

Op syn 15de kaam Jan te wenjen yn Tytsjerk wrt syn heit boer wie. Jan waard lid fan keatsferiening De Wldklappers. Syn soan Thomas soe letter it earste jeugdlid wurde. Jan sels net in tblinker seach al rillegau dat soan Thomas in fin mear hie as in bears en hat him jierren lang ta stipe west. Mar hy wie der net allinne foar soan Thomas mar foar alle keatsende bern yn de federaasje en yn KNKB ferbn.

Yn in petear lit Jan optekenje dat hy bytiden wol acht keatsende bern yn de auto hie. In part fan harren moast keatse yn Kimswert en de rest wie aktyf yn Wytmarsum. Ik brocht dy jonges te plak en die de hiele dei oars net as hinne en wer ride fan Kimswert nei Wytmarsum om te sjen oft der al wer in pear of wiene. Boppdat wie hy ek de trainer fan de jonges. Yn it kampke efter it hs hie Jan van der Meer in katapult makke wrt hy de ballen mei fuort sjitte koe. Je soenen sizze kinne dat dat de foarrinner fan it hjoeddeiske keatskanon wie.

Ik koe dat ding sa stjoere dat ik de ballen oeral hinne sjitte koe. Dy katapult hie ik makke fan de spanten fan in reintonne. It soe it begjin wze fan in keatsfirus dat Jan van der Meer nea wer loslitten hat. Sat hy sels altyd sei: Ik kin it net mear misse. Ik bin der mei fergroeid. Moai is it ferhaal dat hy ien kear net mei gong nei de fjilden doet Thomas keatse moast. Ik bleau yn Hurdegaryp om sels te keatsen. Yn de earste omloop derf en doe ha ik der foar swoarge dat ik der yn de ferliezersronde ek gau of wie. Koe ik wer nei de jonges ta.
Ofrne simmer gong hy der faak op t mei pakesizzer Stefan de soan fan Thomas. It ferlies op de Freule fan Baard die him sear. Mar dat is ek keatsen. Krkt as it libben: falle en opstean. As it keatsen straks wer begjint sille wy Jan van der Meer misse. Jan wie net ien foar de foargrn net by syn libben en net by syn dea. Yn bysnder minske, in moai minske dat wie Jan van der Meer.



Dit nieuws werd verzorgd door Acquisitie- en advertentiebureau Boppeslach
http://www.kaatsen.nl

De URL voor dit artikel is:
http://www.kaatsen.nl/article.php?sid=13550