Kaatsen.nl

Cor Veenstra 1930 – 2018
Door admin - datum: 2018-03-20 03:01:47





Op tiisdei 20 maart kaam der in ein oan it libben fan Cor Veenstra fan Bitgum. Cor Veenstra wie in begrip yn keatslân en mar foaral by OKK yn Bitgum. (Foto: Henk Bootsma).

Cor Veenstra: altyd warber foar syn OKK!

Hy sloech der jierren foar bęst op. Frijwilligers komme en frijwilligers gean mar Cor Veenstra wie der altyd. Hy wie in fęste wearde yn it korps fan frijwilligers. Fansels de leafde foar it spultsje wie grut mar hy fűn it ek net slim om sjoen te wurden.

Syn leafde foar it keatsen wie him ek mei de ‘brijleppel’ yn jűn. Heit wie boade fan OKK. Yn in petear mei Doekle Yntema lit hy optekenje dat yn it keatsseizoen hy sneins mei heit nei it âlde keatsterrein moast om stront te sykjen. Heit pakte mei de skeppe de koweflaaien en Cor mei de hannen de skieppestront. Dat wie in putsje dat de hiele simmer duorre.

Letter waard hy de man fan de omballingen. De oanklaaing fan it terrein dat wie Cor op it liif skreaun. Hoe mear blommen hoe moaier hy it fűn. Cor wie no net bepaald in man fan ‘delegearen’. Wat hy oanpakte woe hy graach sels dwaan. Ek it lizzen fan de perken dat wie ien fan syn putsjes.

Op it męd fan sels keatsen koe hy ek aardich mei dwaan. Op de Freule mocht hy der dan foar de prizen of gean mar by it leadekeatsen koe hy him aardich ręde. Boppedat wűn hy twa kear de osa ferneamde Gripe-partij.



Dit nieuws werd verzorgd door Acquisitie- en advertentiebureau Boppeslach
http://www.kaatsen.nl

De URL voor dit artikel is:
http://www.kaatsen.nl/article.php?sid=13558