Kaatsen.nl

Kompetysjestân winter 55+
Door admin - datum: 2010-02-11 12:42:31





Fjouwer 55+ keatsers hawwe yn 2009 alle 27 wedstryden meidien, werby Willem van der Meulen út Drachten (85 jier).

Willem van der Meulen: altyd fan de partij!

De oare trije wienen Jan Feenstra en Jan Wagenaar út Winsum en Oeds Broersma út Wytmarsum. Der wienen tolve wedstryden op it fjild (meastal op Sonnenborgh) fan maaie oant en mei septimber en fyftjin yn de Trije, de oare moannen fan it jier.

It gemiddeld oantal dielnimmers yn de seal (De Trije) wie 105,7 en op it fjild wie 78,5. Fan alle wedstryden yn 2009 wie it gemiddelde 93,6.

Yn dizze winterkompetysje fanôf oktober 2009 stiet Tjerk Jorritsma út It Hearrenfean boppe oan, mei in saldo fan 64 punten. Op it 2e plak stiet Johannes Algra út Frjentsjer (58), op it 3e plak Monte Hallema út Frjentsjer (55), op it 4e plak Jan Feenstra út Winsum (54) en op it 5e plak Klaas van Dijk út Harich (51 punten). De fierdere list stiet yn it oanhekke stik. (Bron: Johan Sikkema).

Puntenklassement wintercompetitie2009-2010



Dit nieuws werd verzorgd door Acquisitie- en advertentiebureau Boppeslach
http://www.kaatsen.nl

De URL voor dit artikel is:
http://www.kaatsen.nl/article.php?sid=8057