Kaatsen.nl

55+ keatsen
Door admin - datum: 2010-02-18 11:57:39





Juster, woansdei 17 febrewaris, hawwe de 55plussers wer keatst yn de Trije yn Frjentsjer.

De priiswinners mei de krāns, flnr.: Teade de Vries, Johan van der Veen, Hans Homminga en Piet Stellingwerf

Om 10.00 oere koe it oangean mei de earste 54 keatsers fan de 108 op de list. Mar foar it keatsen war in minśt stilte hālden, want ōfrūne wike is Ernst Zwaga † harren ūntfallen.

De partoeren 107 en 108 wienen dien om 16.40 oere. Partoer 108 hat foar stien mei 5-2, mar omdat alle seis keatsers € 7,- ynlis betelle hienen en alle romte yn de seal krigen, want de oaren wienen śt, woenen se der noch in spannende party fan meitsje en dat slagge. Op de stān 5-5 (6-4) moast Oeds Broersma fan partoer 108 opslaan, mei in keats op 3 meter fan de boppe. Jan Buitenga, de efterynse fan partoer 107, moast de bal net hawwe wist Oeds en derom joech hy de bal oan Minne Soepboer. Dizze man koe de keats net foarby en op 5-5 (6-6) sloeg Minne de bal kwea en dermei hie Oeds trije kear wūn.

Topkeatser Evert Heeg kaam ek efkes lāns. Hy hie op 28 novimber 2009 in auto-ūngelok hawn en koe dertroch in skoft net keatse, mar it sit der wer oan te kommen en dan kinne wy wer mei nocht genietsje fan syn fūleindigens.

Piet Bosgraaf rikte om 17.05 oere de fleisprizen śt oan ūndersteande keatsers, dy trije kear wūn hienen.
Nije wike op 24 febrewaris 2010 geane de 55-plussers wer keatsen yn de Trije.

A-klasse
1e Piet Stellingwerf, Harns, 2e Jan Veenstra, Apeldoorn, 3e Henk Vuijk, Burdaard, 4e Oeds Broersma, Wytmarsum, 5e Siete Wassenaar, Minnertsgea.

B-klasse
1e Johan van der Veen, Oentsjerk, 2e Jouke Punter, Wommels, 3e Anne Dijkstra, Ljouwert, 4e Pieter Bouma, De Jouwer, 5e Jan Beimers, Dronryp, 6e Anne van der Werf, Snits.

C-klasse
1e Hans Homminga, De Jouwer, 2e Jacobus van der Wal, Sint Jabik, 3e Jelle Takema, Harns.

D-klasse
1e. Teade de Vries, Frjentsjer, 2e Theo Smit, Frjentsjer, 3e Joeke Jongsma, It Hearrenfean. (Bron Johan Sikkema).



Dit nieuws werd verzorgd door Acquisitie- en advertentiebureau Boppeslach
http://www.kaatsen.nl

De URL voor dit artikel is:
http://www.kaatsen.nl/article.php?sid=8058