Welkom op de website van www.kaatsen.nlFrythermoYour DJ
Home    Nieuwsarchief  

   Menu
Home
Nieuwsarchief
Web Links
Spelregels
Parturen 2017
Gastenboek

   Websponsors
Middelsee schilders
Your-DJ
Laanstra en Roersma
Opel Deinum Franeker
Copy service
Van Smeden IJzerwaren en Gereedschappen
Bouwbedrijf Bruinsma
Nijholt

   Agenda
  Ma Di Wo Do Vr Za Zo
>         01 02 03
> 04 05 06 07 08 09 10
> 11 12 13 14 15 16 17
> 18 19 20 21 22 23 24
> 25 26 27 28 29 30 31



Agenda deze week:

Zaterdag, december 16
10:00 - 14:00 Zaalkaatsen FBA
Woensdag, december 20
Evenement start om 10:00 Zaalkaatsen heren 55+



Zoek agenda door op...



Agenda van vandaag:

Geen events vandaag

Webalizer web stats

Jacob (Jappie Mulder) 1943-2017
Gepost op Donderdag 30 november @ 07:05:19
Afdrukbare Versie 
Bijdragen Jan Braaksma


Tongersdei 30 novimber kaam der in ein oan it libben fan Jacob (Jappie) Mulder fan Seisbierrum. As it libben in lijen wurdt dan bringt de dea faak tkomst. Sa wie it ek mei de noch altyd striidbere Seisbierrumer. (Foto: FD).

Wies van der Meer nimt Jappie Mulder nder hannen...


Want striidber wie Jappie oant lest ta. Hy hat fochten as in liuw om hjir te bliuwen mar hy wist ek dat hy knsleas wie. Hy stie te fier efter om de partij noch kantelje te kinnen. In pear moanne lyn wie ik noch op besite by him. Ik wist dat it net goed gong mei Jappie mar doet ik by him oan skikte, doe pas seach ik wat it siik wzen mei de sterke keatser fan eartiids dien hie.

De sterke iik wie in twiich wurden dyt elts momint brekke koe. Hoewol t Jappie hiel goed wist hoet it der mei him foar stie wie hy doe ek noch altyd in striidber man. Ik hear it him noch sizzen: Moast mar tinke Jan dat ik twa jier lyn al te hearren krigen ha dat myn tiid op wie. Dat is no twa jier lyn en ik bin der noch altyd. Dat docht my ferrekte sear mar it is wol de realiteit. Ik hie ek nea tocht dat de ein fan de eker sa ticht by is. Dr stiet in minske ommers noait by stil. Dat is mar goed ek want oars ha je dochs gjin libben. Lit ik it sa sizze: Ik bin t behandele. Se kinne en wolle noch wol wat foar my dwaan mar ik tink net dat ik dat noch wol.

Jappie Mulder keatste fan 1965 oantemei 1973 yn de haadklasse en sloech 51 punten by elkoar. De lste winst wie yn 1980 mei Jan Hesselius en Johannes Brandsma. Jappie wie skiedsrjochter fan 1980 oant en mei 1985. Fan 1987 oan t 1994 hat hy in sit hn yn de wantenkommisje. Hy hat 48 jier yn it spier west foar keatsferiening De Twa Doarpen-Dios en hat jierren syn bste kreften jn oan it Jeu de pelote.

Jappie Mulder waard krapoan 74 jier lyn berne oan de Ried yn Seisbierrum. Jappie wie de jongste t in gesin mei trije jonges. Henk en Oege wienen syn ldere bruorren en der waard keatst. Op de greide njonken it hs wrt syn heit lyts boer wie. Mei de keatsgenen siet it wol goed. Want wie it net syn heit Adolf Mulder dyt yn 1924 foar keatsferiening Jacob Klaver fan Mantgum it befaamde gouden klokje wn?

Ik bin jong begn mei it keatsen. Heit wie myn trainer mar ik wie net sa maklik. It moast altyd mei in soad geweld. Dat lste hat my letter ek faak parten spile doet ik heger op kaam te keatsen. Ik waard lid fan De Twa Doarpen yn de tiid dat Jan Landstra foarsitter wie. Landstra wie in grut boer en ik kaam t in oar laach om samar te sizzen. Fansels haw ik wol keatst op de Freule mar ik bin noait yn de prizen rekke. Drnei rekke ik wat t byld. Dat kaam omdat ik in jier skorsing oan de kont krige. Ik hie my foar Boalsert op jn mar bin der noait west. Wrom, wit ik net mear.

Doet ik letter fan de bond in skriuwen krige fan hoe en wat ha ik nea wat fan my hearre litten. It hat my wol in skorsing oplevere fan in jier. Hjirtroch haw ik mear as in jier net keatst!

Doet ik 18 waard moast ik yn tsjinst. It waard de Marine. Dat paste wol by my. Ik waard mei myn maten klear stoomd foar de oarloch yn Nieuw Guinea. Dat gong der rch om ta om samar te sizzen. Wy waarden oplaad foar moardners. Oars kin ik it net sizze! Eintsje beslt hoechde ik net nei Nieuw Guinea omdat de saak sust waard.

Fan 1963 f pak ik it keatsen wer op. Ik kom yn de picture op de bnspartij fan 1963. Ik keats dan mei Hein van der Zee en Willem Hiemstra. Ik slaan foarbst op mar tidens de partij nim ik it plak yn fan Hein van der Zee en reachje der mei de bleate han in oantal ballen oer hinne. Wy winne de bond net mar de keatsers witte no wol wat Jappie Mulder is.

Ik stel earst mei Jan Meijer en Siemen Tolsma fan Hjerbeam mar al rillegau blykt dat Siemen te licht is. Bauke Scheffer fan Wytmarsum nimt syn plak yn en yn 1965 op de PC slaan se mear as foar bst. It is Jappie syn debt op de PC. Se moatte daliks tsjin de winner fan 1964. De mannen hawwe it der al efkes oer by de lotting. Dr binne al wat wurden fallen. Wat sille jimme, wurdt der ld op sein.

It docht wat my dy as je it fjild opkomme. By my duorre it net sa lang mar by oaren wol. Ik snap dat wol. De PC is in ferhaal op him sels. Wy wienen op dat momint gewoan te goed foar de toppers as Rienk de Groot-en-dy. Bauke Scheffer wie in hiele bste efterynse en as Jan syn dei hie wienen syn ballen net te slaan en ik koe der ek wol ien oer hinne tille. Om koart te gean op 5-3 en 6-6 is it Bouke Scheffer dyt s yn de twadde omloop bringt. It wie de sensaasje fan de dei. It is ien fan de hichtepunten t in karrire dyt mei fallen en opstean san acht jier duorje sil. It binne parchtige tiden mei spraakmakende keatsers. Myn lste maten binne Hotze Schuil en Piet Zondervan, soan fan Herre. Ik kin der in boek oer skriuwe. De tochten mei Wijtse Vlietstra en Jolke Former hie ik nea misse wolle. Dan hawwe wy it noch net iens oer it skiedsjochter wzen. Lit stean myn perioade yn de wantenkommisjeik hie it graach oerdien!
 

Copyright Acquisitie- en advertentiebureau Boppeslach 2002-2017
Alle rechten, waaronder het auteursrecht, zijn aan Acquisitie- en advertentiebureau Boppeslach voorbehouden.
Gehele of gedeeltelijke overname, plaatsing op andere sites, verveelvoudiging op welke andere wijze dan ook en/of commercieel gebruik van deze informatie is niet toegestaan, tenzij hiervoor uitdrukkelijk schriftelijke toestemming is verleend door Boppeslach of tenzij aan de onderstaande voorwaarden wordt voldaan. Het is, behoudens de terzake wettelijk verankerde rechten, niet toegestaan teksten of beeldmateriaal over te nemen
c.q. te publiceren zonder toestemming van Acquisitie- en advertentiebureau Boppeslach.

Nieuwsberichten, vragen en opmerkingen kunt u richten aan jbraaksma@planet.nl of telefoon 0517 - 39 68 20