 |
Menu |
 |
|
|
|
 |
Websponsors |
 |
|
|
|
 |
Agenda |
 |
|
 |
|
Ma |
Di |
Wo |
Do |
Vr |
Za |
Zo |
> |
|
|
|
|
01
|
02
|
03
|
> |
04
|
05
|
06
|
07
|
08
|
09
|
10
|
> |
11
|
12
|
13
|
14
|
15
|
16
|
17
|
> |
18
|
19
|
20
|
21
|
22
|
23
|
24
|
> |
25
|
26
|
27
|
28
|
29
|
30
|
31
|
Agenda deze week:
Zoek agenda door op...
Agenda van vandaag:
|
|
 |
|
|
|
|
 |
Jacob (Jappie Mulder) 1943-2017 |
 |
 |
Gepost op Donderdag 30 november @ 07:05:19
|
 |
|
 |


Tongersdei 30 novimber kaam der in ein oan it libben fan Jacob (Jappie) Mulder fan Seisbierrum. As it libben in lijen wurdt dan bringt de dea faak útkomst. Sa wie it ek mei de noch altyd striidbere Seisbierrumer. (Foto: FD).
Wies van der Meer nimt Jappie Mulder ûnder hannen...
Want striidber wie Jappie oan’t lest ta. Hy hat fochten as in liuw om hjir te bliuwen mar hy wist ek dat hy kânsleas wie. Hy stie te fier efter om de partij noch kantelje te kinnen. In pear moanne lyn wie ik noch op besite by him. Ik wist dat it net goed gong mei Jappie mar doe’t ik by him oan skikte, doe pas seach ik wat it siik wêzen mei de sterke keatser fan eartiids dien hie.
De sterke iik wie in twiich wurden dy’t elts momint brekke koe. Hoewol ‘t Jappie hiel goed wist hoe’t it der mei him foar stie wie hy doe ek noch altyd in striidber man. Ik hear it him noch sizzen: “Moast mar tinke Jan dat ik twa jier lyn al te hearren krigen ha dat myn tiid op wie. Dat is no twa jier lyn en ik bin der noch altyd. Dat docht my ferrekte sear mar it is wol de realiteit. Ik hie ek nea tocht dat de ein fan de eker sa ticht by is. Dêr stiet in minske ommers noait by stil. Dat is mar goed ek want oars ha je dochs gjin libben. Lit ik it sa sizze: ‘Ik bin út behandele. Se kinne en wolle noch wol wat foar my dwaan mar ik tink net dat ik dat noch wol”.
Jappie Mulder keatste fan 1965 oantemei 1973 yn de haadklasse en sloech 51 punten by elkoar. De lêste winst wie yn 1980 mei Jan Hesselius en Johannes Brandsma. Jappie wie skiedsrjochter fan 1980 oant en mei 1985. Fan 1987 oan ‘t 1994 hat hy in sit hân yn de wantenkommisje. Hy hat 48 jier yn it spier west foar keatsferiening De Twa Doarpen-Dios en hat jierren syn bêste kreften jûn oan it Jeu de pelote.
Jappie Mulder waard krapoan 74 jier lyn berne oan de Ried yn Seisbierrum. Jappie wie de jongste út in gesin mei trije jonges. Henk en Oege wienen syn âldere bruorren en der waard keatst. Op de greide njonken it hûs wêr’t syn heit lyts boer wie. Mei de keatsgenen siet it wol goed. Want wie it net syn heit Adolf Mulder dy’t yn 1924 foar keatsferiening Jacob Klaver fan Mantgum it befaamde gouden klokje wûn?
“Ik bin jong begûn mei it keatsen. Heit wie myn trainer mar ik wie net sa maklik. It moast altyd mei in soad geweld. Dat lêste hat my letter ek faak parten spile doe’t ik heger op kaam te keatsen. Ik waard lid fan De Twa Doarpen yn de tiid dat Jan Landstra foarsitter wie. Landstra wie in grut boer en ik kaam út in oar laach om samar te sizzen. Fansels haw ik wol keatst op de Freule mar ik bin noait yn de prizen rekke. Dêrnei rekke ik wat út byld. Dat kaam omdat ik in jier skorsing oan de kont krige. Ik hie my foar Boalsert op jûn mar bin der noait west. Wêrom, wit ik net mear.
Doe’t ik letter fan de bond in skriuwen krige fan hoe en wat ha ik nea wat fan my hearre litten. It hat my wol in skorsing oplevere fan in jier. Hjirtroch haw ik mear as in jier net keatst!
Doe’t ik 18 waard moast ik yn tsjinst. It waard de Marine. Dat paste wol by my. Ik waard mei myn maten klear stoomd foar de oarloch yn Nieuw Guinea. Dat gong der rûch om ta om samar te sizzen. Wy waarden oplaad foar moardners. Oars kin ik it net sizze! Eintsje beslút hoechde ik net nei Nieuw Guinea omdat de saak sust waard.
Fan 1963 ôf pak ik it keatsen wer op. Ik kom yn de ‘picture’ op de bûnspartij fan 1963. Ik keats dan mei Hein van der Zee en Willem Hiemstra. Ik slaan foarbêst op mar tidens de partij nim ik it plak yn fan Hein van der Zee en reachje der mei de bleate han in oantal ballen oer hinne. Wy winne de bond net mar de keatsers witte no wol wa’t Jappie Mulder is.
Ik stel earst mei Jan Meijer en Siemen Tolsma fan Hjerbeam mar al rillegau blykt dat Siemen te licht is”. Bauke Scheffer fan Wytmarsum nimt syn plak yn en yn 1965 op de PC slaan se mear as foar bêst. It is Jappie syn debút op de PC. Se moatte daliks tsjin de winner fan 1964. De mannen hawwe it der al efkes oer by de lotting. Dêr binne al wat wurden fallen. “Wat sille jimme”, wurdt der lûd op sein.
“It docht wat my dy as je it fjild opkomme. By my duorre it net sa lang mar by oaren wol. Ik snap dat wol. De PC is in ferhaal op him sels. Wy wienen op dat momint gewoan te goed foar de toppers as Rienk de Groot-en-dy. Bauke Scheffer wie in hiele bêste efterynse en as Jan syn dei hie wienen syn ballen net te slaan en ik koe der ek wol ien oer hinne tille. Om koart te gean op 5-3 en 6-6 is it Bouke Scheffer dy’t ús yn de twadde omloop bringt. It wie de sensaasje fan de dei”. It is ien fan de hichtepunten út in karrière dy’t mei fallen en opstean sa’n acht jier duorje sil. It binne parchtige tiden mei spraakmakende keatsers. “Myn lêste maten binne Hotze Schuil en Piet Zondervan, soan fan Herre. Ik kin der in boek oer skriuwe. De tochten mei Wijtse Vlietstra en Jolke Former hie ik nea misse wolle. Dan hawwe wy it noch net iens oer it skiedsjochter wêzen. Lit stean myn perioade yn de wantenkommisje…ik hie it graach oerdien”! |
|
|
 |
 |
|
 |
|
|
|