Welkom op de website van www.kaatsen.nlFrythermoYour DJ
Home  ·  Nieuwsarchief  

   Menu
Home
Nieuwsarchief
Web Links
Spelregels
Parturen 2018
Gastenboek

   Websponsors
Middelsee schilders
Your-DJ
Laanstra en Roersma
Opel Deinum Franeker
Copy service
Van Smeden IJzerwaren en Gereedschappen
Bouwbedrijf Bruinsma
Nijholt

   Agenda
  Ma Di Wo Do Vr Za Zo
>           01 02
> 03 04 05 06 07 08 09
> 10 11 12 13 14 15 16
> 17 18 19 20 21 22 23
> 24 25 26 27 28 29 30



Agenda deze week:

Zaterdag, september 22
Evenement start om 11:00 Alle categorieën d.e.l. + verl. ronde



Zoek agenda door op...



Agenda van vandaag:

Geen events vandaag

Webalizer web stats

Jan van der Meer 1946-2018
Gepost op Maandag 19 februari @ 18:27:15
Afdrukbare Versie 
Bijdragen Jan Braaksma


Sneon 17 febrewaris kaam der in ein oan it libben fan Jan van der Meer fan Winsum. Jan van der Meer wie de heit fan Thomas van der Meer dy’t yn de jierren 90 furoare makke op de Fryske keatsfjilden. (Foto: Klaas Koopmans).


Jan wie net allinne de heit fan mar hy wie boppedat osa besibe mei it keatsen. Njonken it reedriden wie dat syn grutte leafde. Jan waard berne yn Berltsum no 71 jier lyn en groeide op yn Deinum. Hy keatste wol mar wie net in útblinker. Ien kear stie hy foar Deinum op ‘e list foar de Freule partij mar sa’t hy sels ea sei: ‘Ik tink as balkearder.

Op syn 15de kaam Jan te wenjen yn Tytsjerk węr’t syn heit boer wie. Jan waard lid fan keatsferiening De Wâldklappers. Syn soan Thomas soe letter it earste jeugdlid wurde. Jan sels net in útblinker seach al rillegau dat soan Thomas in fin mear hie as in bears en hat him jierren lang ta stipe west. Mar hy wie der net allinne foar soan Thomas mar foar alle keatsende bern yn de federaasje en yn KNKB ferbűn.

Yn in petear lit Jan optekenje dat hy bytiden wol acht keatsende bern yn de auto hie. In part fan harren moast keatse yn Kimswert en de rest wie aktyf yn Wytmarsum. “Ik brocht dy jonges te plak en die de hiele dei oars net as hinne en wer ride fan Kimswert nei Wytmarsum om te sjen oft der al wer in pear of wiene. Boppdat wie hy ek de trainer fan de jonges. Yn it kampke efter it hűs hie Jan van der Meer in katapult makke węr’t hy de ballen mei fuort sjitte koe. Je soenen sizze kinne dat dat de foarrinner fan it hjoeddeiske keatskanon wie.

‘Ik koe dat ding sa stjoere dat ik de ballen oeral hinne sjitte koe. Dy katapult hie ik makke fan de spanten fan in reintonne. ‘It soe it begjin węze fan in keatsfirus dat Jan van der Meer nea wer loslitten hat. Sa’t hy sels altyd sei: ‘Ik kin it net mear misse. Ik bin der mei fergroeid. Moai is it ferhaal dat hy ien kear net mei gong nei de fjilden doe’t Thomas keatse moast. ‘Ik bleau yn Hurdegaryp om sels te keatsen. Yn de earste omloop derôf en doe ha ik der foar swoarge dat ik der yn de ferliezersronde ek gau of wie. Koe ik wer nei de jonges ta.’
Ofrűne simmer gong hy der faak op út mei pakesizzer Stefan de soan fan Thomas. It ferlies op de Freule fan Baard die him sear. Mar dat is ek keatsen. Krękt as it libben: falle en opstean. As it keatsen straks wer begjint sille wy Jan van der Meer misse. Jan wie net ien foar de foargrűn net by syn libben en net by syn dea. Yn bysűnder minske, in moai minske dat wie Jan van der Meer.
 

Copyright © Acquisitie- en advertentiebureau Boppeslach 2002-2018
Alle rechten, waaronder het auteursrecht, zijn aan Acquisitie- en advertentiebureau Boppeslach voorbehouden.
Gehele of gedeeltelijke overname, plaatsing op andere sites, verveelvoudiging op welke andere wijze dan ook en/of commercieel gebruik van deze informatie is niet toegestaan, tenzij hiervoor uitdrukkelijk schriftelijke toestemming is verleend door Boppeslach of tenzij aan de onderstaande voorwaarden wordt voldaan. Het is, behoudens de terzake wettelijk verankerde rechten, niet toegestaan teksten of beeldmateriaal over te nemen
c.q. te publiceren zonder toestemming van Acquisitie- en advertentiebureau Boppeslach.

Nieuwsberichten, vragen en opmerkingen kunt u richten aan jbraaksma@planet.nl of telefoon 0517 - 39 68 20