Welkom op de website van www.kaatsen.nlFrythermoYour DJ
Home    Nieuwsarchief  

   Menu
Home
Nieuwsarchief
Web Links
Spelregels
Parturen 2018
Gastenboek

   Websponsors
Middelsee schilders
Your-DJ
Laanstra en Roersma
Opel Deinum Franeker
Copy service
Van Smeden IJzerwaren en Gereedschappen
Bouwbedrijf Bruinsma
Nijholt

   Agenda
  Ma Di Wo Do Vr Za Zo
> 02 03 04 05 06 07 08
> 09 10 11 12 13 14 15
> 16 17 18 19 20 21 22
> 23 24 25 26 27 28 29
> 30            



Agenda deze week:

Zondag, april 22
Evenement start om 11:00 Vereniging van kaatsers d.e.l.
Vrijdag, april 27
Evenement start om 11:00 Heren eerste klasse d.e.l.
Zaterdag, april 28
Evenement start om 11:00 Heren 50+ d.e.l. + verliezers ronde



Zoek agenda door op...



Agenda van vandaag:

11:00
Evenement start om 11:00 Vereniging van kaatsers d.e.l.

Webalizer web stats

Wat (noch) net op de wurklist stiet fan it Keatsbn
Gepost op Zondag 11 maart @ 21:22:00
Afdrukbare Versie 
Geert van Tuinen


It keatsseizoen komt der oan. It earste seintsje dat je droer krije is de oankundiging fan de Algemiene Ledegearkomste, yn keatskringen better bekind as de AV. Dy AV is tongersdei. As joernalist krije jo dan in digitaal pak papier tastjoerd fan Boukje fan it bnsburo en dan kinne je der mar foar sitten gean. (Foto: Henk Bootsma).

Net mear fan: wer sjogge wy nei? Opsjitte bliksum!


It keatsseizoen begjint dit jier op 27 april yn Holwert mei in partij foar earsteklassers. De lste keatsbal wurdt slein op snein 16 septimber troch de tritich plussers yn Winsum. En dan binne der yn 2018 440 partijen fwurke yn 16 kategorien. Ik blderje troch de stikken. De rekken 2017 slt mei in posityf resultaat fan, skrik net, 394 euro. En dat op een begrutting fan krapoan acht ton. Dy begrutting is foar 2018 ek rn, al moat der wol in greep fan 95 tzen euro dien wurde yn de reserves.

Ik ls, lykas foargeande jierren, dat de subsydzje bydragen fan NOC/NSF wer wat leger tfallen binne, mar gelokkich had haadbestjoerslid Jan van Erve de wyn der goed nder en hat hy, mei Rianne Tanghe en meiwurkers, soarge foar mear sponsorjilden. Dat kompensearret moai. Mei FB Oranjewoud hat de KNKB in baas sponsor, foar meardere jierren fstlein. 127 tzen euro smyt FB Oranjewoud yn it jier yn it keatsen en as de KNKB goed syn bst docht kin dr noch ris goed 17 tzen by komme. Koesterje san jildsjitter!!

Soargen binne der ek by de KNKB. It senioare ledetal rint hurd tebek. Ten opsichte fan 2015 al wer 1385 leden minder. It totaal is no 8714 senioareleden. Soargelik. Gelokkich kompensearret de jongerein it in bytsje. Dr falt in plukse te notearen fan 46, op in totaal fan 2807. De KNKB telt no 10.575 leden en de fraach is mar oft it totaal op termyn boppe de tsien tzen bliuwe kin. Sa net, dan wurdt de KNKB echt in marzjinale sportbn.

It binne in pear grepen t de jierstikken fan de KNKB. As ik it goed ynskat, kin de gearkomste binnen trije kertier fhannele wurde. It measte sil mei in klap fan de hammer fdien wurde. Fansels, de AV tigers sille har wol wer efkes jilde litte, maar foarsitter Wigle Sinnema kin op syn folslein eigen, mei ik sizze relaxte wize, de gearkomste flot nei syn ein bringe. Dat wie ferliden jier ek sa. Mar doe betocht Wigle him dat syn moments of fame wol hiel koart west wienen. En doe betocht hy dat alle haadbestjoersleden mar wat fertelle moasten oer harren portefeuille.

Tsja..sa kinne je in gearkomste ek oprekke. Dit senario driget dit jier wer, mar no haw ik in tip foar Wigle. Want der is wol wat oan de hn yn keatsln. De publike belangstelling foar it keatsen nimt ek f en no binne der in oantal leafhawwers, keatskenners, dyt ris in pear jntsjes by elkoar sitten hawwe en wat plannen makke hawwe. It binne net de minsten dyt har drok meitsje om feroarings yn de keatssport. Wat te sizzen fan ld-keatsers Gerrit en Johan Okkinga, Johannes Brandsma en de leafhawwers Durk Bonnema, Dirk Wiersma en Syds Schat. Der sil grif wol in drankje skonken wze by de byienkomsten fan dizze mannen (dat heart teinliks by it keatsen), mar sy komme mei hiel konkrete foarstellen om it keatsen oantrekliker te meitsjen. En dy plannen binne ek al oan de KNKB presintearre.

Tongersdei 8 maart sieten de mannen om de tafel mei Bnsdirekteur Marco Hoekstra en de haadbestjoersleden Tjeerd Dijkstra (skiedend HB-lid) en Dirk Kuperus (syn opfolger). En it hat in goed petear west, sa liet de frontman fan de leafhawwers, Johan Okkinga witte. Mar oft de besteande plannen al dit jier syn beslach krije is noch mar de fraach. De ranking stiet boppe oan de winskelist fan de leafhawwers. Of leaver sein: It ophlden mei dy ranking.

Ik fertaal mar efkes hoet der troch in protte minsken (en seker troch dizze leafhawwers) oan sjoen wurdt tsjin dit tamelik wiskundich tdoktere systeem fan promoasje en degradaasje. De ranking is as in Volendamse pofbroek om it liif fan in te meager bern. Fierstente grut. Fierstente yngewikkeld. Net in minsk begrypt it. Fuort mei dy ranking dus, sa sizze de leafhawwers. It alternatyf? Dat komt t de lde doaze. Oude wijn in nieuwe zakken, mar yn dit gefal neat mis mei.

Yn de 90er jierren wie der it promoasje/degradaasje systeem nder de namme Yn it fjoer fan it Spul. Dat wolle s leafhawwers wer werom hawwe. Acht partijen keatse op haad- en earste klasse. Punten telle en de nderste twa partoeren fan de haadklasse degradearje nei de earste klasse en, omkeard, de boppeste twa fan de earste klasse gean nei de haadklasse.

En de beoardieling fan (de prestaasjes fan) de keatsers komt wer yn hannen fan in sterke, nfhinklike Technyske Kommisje (de mannen hawwe al in list mei nammen). Prachtich systeem. Wurket as in tierelier, elkenien begrypt it en it past by de aard en omfang fan it keatsen. Foar de folsleine twurking kin altyd noch in berop dien wurde op de tfiners fan dit systeem, ld foarsitter Sake Saakstra en ld haadbestjoerslid Willem de Haan. Ik soe sizze: Dwaan. Drekt!

Mar sa maklik leit it net by it haadbestjoer, want de ranking is dochs in bytsje hillich yn bestjoerlike kringen. Mar goed: it plan leit der no yn alle gefallen. Der wurdt oer praat. De leafhawwers komme mei mear. Hiele praktyske dingen. Lykas it opjaan fan de partoeren foar de ferskate partijen. Hoeft net mear sizze de mannen. Je stean op dy list, dat wit elkenien. Pas as je net kinne, dan moatte jo je efkes fmelde. Prima! Dat foarkomt Wytmarsumer tastannen. Keatsferiening Pim Mulier moast it ferliden jier op syn grutte keatspartij dwaan snder de PC winners, omdat Bauke Triemstra ferjitten wie it partoer op te jaan. Skande fansels.

De leafhawwers wolle ek it bylotysjen wer yn eare herstelle (dus net mear by freechje) n wolle de ferdieling tusken frije formaasje partijen en troch elkoar lotterspartijen oars hawwe. Dy ferdieling is no 24 frije formaasjepartijen om 5 trochelkoar- lotterspartijen. De leafhawwers wolle nei in ferdieling fan 20 om 10. Dat is goed nijs foar de minder goden, dyt no folle mear kns krije om op it heechste nivo ris sksesfol te wzen. Wurket stimulearjend.

Fierder wolle de leafhawwers wat dwaan oan it ynslaan op it wedstriidfjild. Moat folle koarter (of hielendal net) as no yn de praktyk bart. Skoften sit it publyk nei neat te sjen. Neat wurdich. Aksje op it fjild! En dat skeelt per partij al rap 5 minuten. By 10 partoeren (9 partijen) is dat krapoan in oere tiidwinst!! En koartere wedstriden, dat wol dochs ek de KNKB?? Rap ynfiere dus dy maatregel.
En sa binne der noch mear ideen, bygelyks oer ferskate kleuren ballen,in amer mei ballen op de boppe (troch keatse bliksem net wachtsje op dy iene bal) en oare hiel praktyske, flot yn te fieren ideen.

In moai inisjatyf fan de leafhawwers, dat freget om, wrt dat kin, rappe, konkrete twurking en tfiering. It leafst noch foar dit seizoen. De stimming is posityf, dus ik bin optimistysk. En in earste konkrete stap kin al set wurde op de AV fan tongersdei. As Wigle tinkt: dizze gearkomste giet wol hiel rap, jou dan efkes it wurd oan Johan Okkinga en lit hem fertelle oer de ideen fan him en syn maten. Dan komt der beweging. Dan is elkenien bypraat. En dr is san AV dochs ek foar bedoeld, toch?
 

Copyright Acquisitie- en advertentiebureau Boppeslach 2002-2018
Alle rechten, waaronder het auteursrecht, zijn aan Acquisitie- en advertentiebureau Boppeslach voorbehouden.
Gehele of gedeeltelijke overname, plaatsing op andere sites, verveelvoudiging op welke andere wijze dan ook en/of commercieel gebruik van deze informatie is niet toegestaan, tenzij hiervoor uitdrukkelijk schriftelijke toestemming is verleend door Boppeslach of tenzij aan de onderstaande voorwaarden wordt voldaan. Het is, behoudens de terzake wettelijk verankerde rechten, niet toegestaan teksten of beeldmateriaal over te nemen
c.q. te publiceren zonder toestemming van Acquisitie- en advertentiebureau Boppeslach.

Nieuwsberichten, vragen en opmerkingen kunt u richten aan jbraaksma@planet.nl of telefoon 0517 - 39 68 20